Lang om let ûnderdak foar Nijkleaster

05 okt 2018 - 19:50

Kleasters wiene lange tiid in saak út it ferline, mar no komt der dochs in nagelnij kleaster yn Fryslân. Deputearre Steaten hat in ûntheffing ôfjûn foar de realisaasje fan dit nije kleaster. It moat komme op it plak fan de monumintale pleats it Westerhûs yn Hilaard. Foarsitter Henk Kroes fan Nijkleaster is wiis mei it beslút fan de provinsje.

Foto: Nijkleaster

De stichting Nijkleaster is al jierren dwaande om de bou fan in kleaster, oftewol spiritueel sintrum, foarinoar te krijen. Dat liket no tichteby te kommen. De provinsje hat as oerwaging dat de monumintale pleats foar in part yn eare hersteld wurdt en dat it ûnderdiel bliuwt fan it lânskip. Foar bygebouwen bûten it hiem fan de pleats is gjin tastimming jûn.

Nijkleaster is op dit stuit dwaande fûnsen te werven foar de ynvestearring fan hast fiif miljoen euro foar it realisearjen fan it Nijkleaster.

Trefwurden: 
Jorwert nijbou Nijkleaster
(advertinsje)
(advertinsje)