SimmerTime2018 ferhuzet fan in sirkustinte yn Dokkum nei WTC yn Ljouwert

05 okt 2018 - 19:44

It teäterspektakel SimmerTime2018 wurdt definityf net yn de sirkustinte yn Dokkum hâlden, sa as it plan wie. De foarstellingen dy't op 23, 24 en 25 septimber plak fine soene, giene net troch yn ferbân mei de te hurde wyn. De foarstelling wurdt no hâlden op 25 novimber yn it WTC FEC yn Ljouwert.

Foto: simmertime2018

"Asto it no boekst foar oer twa wiken, hokker waar hawwe wy dan, miskien hawwe wy dan wol wer hurde wyn. Dus it is ek in risiko en oars bliuwst it mar útstellen", seit Syb van der Ploeg. Van der Ploeg is ien fan de artysten dy't meidocht oan SimmerTime. No dat it binnen hâlden wurdt, is it wis dat de foarstelling troch giet.

Programma feroaret net

De foarstelling hâldt deselde setting en programma. "Mar wy wolle noch wol mei in ekstra ferrassing útpakke omdat dit it slotfeest is", fertelt Van der Ploeg. De foarstelling is no op ien dei. De minsken dy't kaartsjes hiene foar sneintemiddei kinne 25 novimber middeis telâne yn it FEC. Minsken dy't kaartsjes hiene foar moandei- en tiisdeitejûn wurde jûns ferwachte. Njonken dizze kaarten wurde der noch 500 ekstra kaarten foar de middei en jûn beskikber steld.

Syb van der Ploeg oer Simmertime2018

Trefwurden: 
WTC Simmertime2018 FEC
(advertinsje)