Politisy tsjekke yn Spannum hoe't it mienskipsjild bestege wurdt

In bus fol gemeente- en provinsjale bestjoerders struts freed del yn Spannum. Bestimming wie it simmer-doarpshûs Boppeslach. Dat is eins net it èchte doarpshûs, mar in sportkantine. Simmerdeis is it gebou lykwols it sintrum fan hiel Spannum. Mei stipe fan it Iepen Mienskipsfûns (14.400 euro) en de gemeente Waadhoeke (10.000 euro) kin dy kantine meikoarten troch frijwilligers útwreide, opknapt en gasfrij makke wurde.
Caroline de Pee skoart yn Spannum © Omrop Fryslân, René Koster
De kommisje dy't it kolleezje posityf advisearre oer de subsydzjes, makke freed in tocht by in pear projekten del om sels te sjen wêr't it jild foar brûkt wurdt.
Spannum liet grutsk sjen wat se krekt dwaan sille. De dielnimmers koene fierder sels ûnderfine wêr't de mienskip de akkommodaasje by de kantine benammen foar brûkt: kuorbal, keatsen en Jeu de Boules.

Sportive politisy

Wethâlder Caroline de Pee fan Waadhoeke en steatelid Hetty Jansen lieten dêrby beide fuort in kuorbaltreffer noteare. Dêrnjonken setten de Spannumers de bestjoerders oan it wurk: sels kofje en tee skinke en oranjekoeke útdiele. "Dat binne we hjir sa wend, elk strûpt hjir de mouwen op!", fertelde Alie de Haan fan de stichting Mei-inoar Spannum.
De besikers stapten nei in oerke, ûnder de yndruk de bus wer yn: "Dit jild is goed bestege!"
Harkje hjir nei in radioreportaazje