Brân útbrutsen yn pizzeria Drachten
Ferskate helptsjinsten binne freedtejûn útriden foar in brân yn in pizzeria yn it sintrum fan Drachten. It is net dúdlik hoe't it fjoer yn it restaurant oan de Noardkade ûnstean koe. De brân wie op de earste ferdjipping fan it pân, en koe al gau troch de brânwacht útmakke wurde. De gasten en meiwurkers fan de pizzeria koene allegearre feilich nei bûten komme.
De helptsjinsten hawwe de sportskoalle en in wenning njonken it restaurant ek ûntromme.