'Wedstriid fan de wike': Wa is de nije VC Snits-trainer Paul Oosterhof?

Mei in nije trainer sille de follybalsters fan VC Snits op jacht nei nije suksessen. It earedifyzjeseizoen set sneon útein mei in útwedstriid tsjin Set-Up '65. Dat is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân. It is it debút fan coach Paul Oosterhof.
VC Snits mei nije trainer nei earste wedstriid earedifyzje
Mar wat foar coach is Oosterhof eins? Hy is oerkaam fan it Grinzer Veracles, wêrmei't hy yn de topdifyzje aktyf wie. Dat is de kompetysje krekt ûnder de earedifyzje, wêryn't VC Snits spilet.
Het fanatisme zit gewoon in me, dat kan ik moeilijk aan de kant zetten
Paul Oosterhof, de nije trainer fan VC Snits
De ynwenner fan Grins omskriuwt himsels as in coach 'die met passie probeert te trainen en te coachen.' "Zoiets zit gewoon in je. Dat kan ik moeilijk aan de kant zetten", fertelt Oosterhof. It is sels sa ekstreem dat Oosterhof yn syn tiid by Veracles in kear troch syn ankel gien is, ûnder it coachen. "Dat was wel een leerpuntje, ja", fertelt hy laitsjend.
© Omrop Fryslân

Nije start

Roos van Wijnen herkent har yn de wurden fan de trainer. "Hij is heel fanatiek en heeft er heel veel zin in. Dat straalt hij ook uit. Dat geeft de speelsters energie. Ik heb een goede indruk van hem." Van Wijnen is de routinier yn de seleksje fan VC Snits. Se spilet al jierren yn it earste team en wie de ôfrûne jierren ek oanfierder.
Benammen it lêste seizoen, wêryn't Snits mar leafst trije trainers hie en der in soad ûnrêst wie, gie har net yn de kâlde klean sitten. De nije start, mei in nije coach en fiif nije spylsters, komt foar har op in goed momint: "Het is allemaal heel nieuw voor mij, dat maakt het wel weer leuk! Er veranderen dingen en iedereen is heel enthousiast en vol energie."
© Orange Pictures
Wêr't de seleksje fan VC Snits krekt stiet, is foar Oosterhof lestich te sizzen. "Het is een team met veel potentie, maar wel met veel meiden die weinig ervaring hebben. Het is voor ons ook een vraag wat we kunnen verwachten." De earste wedstriid fan it seizoen, út tsjin Set-Up '65, is wat dat oanbelanget in moaie test foar de Snitser froulju. "Het is een goede graadmeter om te kijken waar wij staan", sa seit Van Wijnen. "Want het is gelijk een lastige uitwedstrijd."
© Omrop Fryslân
Paul Oosterhof naam fiif nije spylsters mei fan syn âlde klup Veracles nei VC Snits. It giet om Chanel Baas, Laura Hamming, Dorien Dijkstra, Britt Schreurs en Jasmijn Akse. Fan it twadde makke Sietske Osinga de stap nei it earste. Dêr stiet tsjinoer dat Anniek Siebring en Paula Boonstra nei it bûtenlân ta set binne. Lotte Groninger, Demi Veenstra en Renée Loosman hawwe ek oare klups fûn. Klaske Sikkes is ophâlden.
De wedstriid tusken VC Snits en Set-Up '65 is sneontejûn fan 6 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op de webside en yn de Omropapp.