Busferfier op trajekt Bûtenpost-Grins om wurk oan spoar

05 okt 2018 - 17:48

Reizgers tusken Bûtenpost en Grins moatte der dizze moanne rekken mei hâlde dat de treinen net altyd ride. Tusken 16 en 29 oktober moatte se nammentlik de bus nimme fanwege pland wurk oan it spoar.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De treinen falle út om't der wurke wurdt oan de ynfiering fan it projekt Ekstra Sneltrein Grins-Ljouwert. Sa't de namme al oanjout sil der yn de takomst op it trajekt in ekstra sneltrein ride. Dit betsjut dat minsken daliks twa kear yn de oere mei de sneltrein nei Grins of Ljouwert kinne. De twa stoptreinen bliuwe ek noch riden. Dêrnjonken wurde de treinen langer, en sille se op guon punten op it trajekt flugger ride.

Oanpassingen om feiligens

Om de feiligens op it trajekt te garandearjen moatte der op in pear plakken oanpassingen dien wurde. Arriva set bussen yn . De reistiid kin dêrtroch wol langer wurde.

Trefwurden: 
trein spoar iepenbier ferfier
(advertinsje)
(advertinsje)