De Stormruiter ein desimber op telefyzje by Omrop Fryslân

05 okt 2018 - 17:38

It is ien fan de hichtepunten fan dit kulturele jier fan Ljouwert-Fryslân 2018: de teäterfoarstelling De Stormruiter. Al inkelde wiken stiet it WTC Expo yn Ljouwert folslein yn it ramt fan it teäterstik fan regisseur Jos Thie. Kaarten foar De Stormruiter wiene al gau útferkocht, mar goed nijs foar minsken dy't it stik noch net sjoen hawwe: it komt op telefyzje by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Brinkman

Ein desimber is in registraasje fan De Stormruiter te sjen by Omrop Fryslân. Kollega Timo Brinkman is dit wykein regisseur by de opnamen; wy sprutsen mei him oer dizze útdaagjende put.

Hoe stiet it mei de tariedingen Timo?
"It giet goed! We binne no dwaande om alle kameraposysjes op te bouwen. It is wol echt in útdaging! It is hiel grut. Wy hawwe daliks acht kamera's. We moatte alles op it goeie momint dwaan."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Brinkman

Wat fynsto sels fan De Stormruiter?
"Ik fyn it in prachtige foarstelling! Der sitte hiel moaie stikken yn. Dat kribelet om it ek op telefyzje sjen te litten oan de minsken."

Is it in drege put om mei sa'n soad publyk opnamen te meitsjen?
"Ja, it is in hiel gesteggel. Yn gearwurking mei de organisaasje hawwe wy bygelyks wat sitplakken ferskood, sadat de minsken gjin lêst fan ús hawwe."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Brinkman

Hoe sjocht dyn wykein derút?
"Sneon nimme we it stik yn grutte lijnen op. Wy rjochtsje ús benammen op it aktearwurk. Snein dogge wy it noch in kear. As der dingen sneon net goed geane, kinne we it sa eventueel noch oplosse."

Wannear komt it op telefyzje?
"It is ein desimber te sjen by ús op telefyzje. As it goed is, gean we der ek mei nei it filmfestival!"

Regisseur Timo Brinkman

(advertinsje)