Aris-coach Van den Bosch hat grutte plannen: "Het Kalverdijkje moet weer vol"

05 okt 2018 - 17:29

It Kealledykje moat wer fol. Dat is de doelstelling fan Aris-coach Tony Van den Bosch foar it nije seizoen. De Ljouwerter basketbalklup makket him op foar it fyftjinde seizoen op rige yn de Dutch Basketball League (DBL), de heechste difyzje yn it Nederlânske basketbal, en hat dêrfoar de nedige fersterkingen nei Fryslân helle.

Tony van den Bosch

Griffin Kinney (Appalachian State), Jonathan Williams (VCU) en Nick Masterson (Kennesaw State) makken dizze simmer de oerstap fan it kolleezjebasketbal nei it profesjonele basketbal by Aris. Foaral mei lêstneamde hawwe de Ljouwerters in grutte fisk binnen helle. De Amerikaanske skutter skeat ôfrûne seizoen mei 54,1 prosint it heechste persintaazje trijepunters fan de hiele NCAA Division 1.

Blydskip by de coach

Coach Van den Bosch is dan ek tige bliid mei de fersterkingen. "De rekrutering is dit jaar heel anders verlopen. Ik ben heel blij dat het bestuur naar mijn wensen heeft ingegrepen en dat we nu eindelijk spelers hebben dit ik echt wilde", sa seit er.

Wat bysûnder is foar Aris, is dat trije spilers fan it ôfrûne seizoen ek dit jier wer de klupkleuren fan de Ljouwerters ferdigenje. "Nathaniel Musters, Deividas Kumelis en David Michaels zijn gebleven. Dat was andere jaren wel anders. Dat zijn jongens die ervaring hebben met hoe ik werk", seit de Belgyske coach, dy't benammen lof hat foar Michaels' kwaliteiten.

"Hele belangrijke figuur"

"Hij maakt heel veel terechtwijzingen, dat is wel interessant. Hij is daarmee buiten het veld een hele belangrijke figuur, eigenlijk vooral vanwege de discipline naar de andere jongens toe. Ik ben heel blij dat hij is gebleven."

David Michaels

De Ljouwerters waarden ôfrûne seizoen yn de DBL sechsde fan de njoggen teams en ek dit jier is de konkurrinsje neffens Van den Bosch wer grut. "Je hebt natuurlijk Groningen dat er met kop en schouders bovenuit steekt en dan heb je ook nog Leiden, Den Bosch en Zwolle. Dat zijn de vaste waarden voor de bovenste vier plekken", wit de Belg.

De Dutch Windmills út Dordrecht meitsje sûnt dit seizoen ek diel út fan de kompetysje. De ploech út Súd-Hollân hat in budget fan 450.000 euro. Dat is folle heger as wat it bestjoer yn Ljouwert te besteegjen hat. "Dordrecht is een zeer gevaarlijke concurrent voor de play-offs. Ook Amsterdam is in de breedte sterker geworden en Rotterdam heeft met Jeroen van der List (foarich jier Aris) een serieuze versterking gehaald." Aris hat in begrutting fan sa'n 250.000 euro.

Fierder as ranglist

It doel fan de Fryske basketbalklup is dit jier opnij it sechsde plak, mar de 65-jierrige coach sjocht fierder as allinnich de ranglist. "Het doel is vooral om het publiek dit seizoen aangenamer te verrassen, met het spel dat we kunnen leveren en de kwaliteit die we op het veld brengen", sa seit hy. "Ik wil meer thuiswedstrijden winnen, want daar hebben we vorig seizoen flink in gefaald."

De earste wedstriid fan it seizoen is foar Aris fuort in wichtige. De Ljouwerters moatte sneon yn in útwedstriid oantrêde tsjin de Den Helder Suns, dy't yn it ôfrûne seizoen op it achtste plak einige. Aris moat it yn Noard-Hollân dwaan sûnder Jonathan Williams. De pointguard, dy't troch Van Den Bosch ek wol 'the coach on the court' neamd wurdt, leit er nei alle gedachten noch sa'n twa wiken út mei in blessuere.

"Ik hoop dat wij er klaar voor zijn. We hebben de pech dat we met een belangrijke geblesseerde zitten. We moeten roeien met de riemen die we hebben, maar ik zie het zeer positief in", sa seit Van den Bosch.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
(advertinsje)