Is syntetyske molke de ein fan de melkko?

05 okt 2018 - 17:03

De suvelsektor moat de kommende jierren rekken hâlde mei tal fan bedrigings. Sawol de boer as in koöperaasje sa as FrieslandCampina, moat dêr in antwurd op fine. Dat wie freed yn Boalsert ien fan de tema's op in grut kongres oer de takomst fan ús iten.

Syntetyske molke is ien fan de bedrigingen dy't op it kongres bepraat waard. Dit is molke dy't makke is fan gers of oare griene planten. It grutte foardiel fan dizze 'nep molke', is dat de produksje fan it drinken in stik miljeufreonliker is as dat fan de suvel dy't wy no noch drinke.

De syntetyske molke kin neffens de deskundigen yn de takomst in serieuze konkurrint wurde foar de gewoane kowemolke.

Supermerken wolle feroaringen

Mar net allinnich de futuristyske produkten foarmje in útdaging foar de lânbousektor. Ek de wize wêrop't supermerken har opstelle tsjinoer produsinten en leveransiers fan iten en drinken is nijsgjirrich.

Winkels as Albert Heijn, Jumbo en Lidl besykje hieltyd faker om de koöperaasjes te ûntwiken. Boeren en koöperaasjes moatte hjiroer neitinke en oplossings dêrfoar fine.

Foto: Omrop Fryslân

Underwiis yn ûntwikkeling

It foodkongres hinget gear mei in grutte reüny fan de legindaryske Boalserter Suvelskoalle dy't yn 1996 de doarren tichtdwaan moast. De kwaliteit fan it agrarysk ûnderwiis foarmet sûnt dy tiid noch hieltyd in útdaging.

Martin Wijnia, âld dosint fan de suvelskoalle en tsjintwurdich by Van Hall Larenstein hat der fertrouwen yn dat de hjoeddeistige gearwurking mei it bedriuwslibben it ûnderwiis in positive draai jaan kin.

Trefwurden: 
lânbou molke sympoasium melkko
(advertinsje)
(advertinsje)