Lytsskalige wenfoarm Us Dream yn Ljouwert fiert tredde lustrum

05 okt 2018 - 16:34

De lytsskalige wenfoarm Us Dream yn de Ljouwerter wyk Bilgaard bestiet fyftjin jier. Us Dream wie yn 2003 ien fan de earste wenfoarmen dy't hielendal troch de âlden fan mearfâldich handicapte bern opsetten waard.

In grutte ynstelling, lykas yn it ferline Borneroord yn Beetstersweach, wie foar de âlden in skrikbyld. "Us soan Jostein soe dêr ûndersnije", sa wie de eangst fan Hetty van der Zee. Sy socht in plakje foar har soan doe't dy achttjin jier waard. De soarch thús foel har hieltyd swierder.

"Ik ha twa kear in hernia hân, dat seit genôch. De koek wie gewoan op." Van der Zee is fol lof oer Us Dream. "Jostein lit no dingen sjen dêr't wy nea fan tocht hiene dat er dy sjen litte soe. Dat is echt prachtich."

Sa kin har soan hieltyd better oanjaan wat er wol en net moai fynt om te dwaan.

De dream hie in lange oanrin

It realisearjen fan de dream fan de inisjatyfnimmers frege in soad tiid en trochsettingsfermogen. Al yn 1997 wie hjoeddeistich bestjoerslid Hans Biemans belutsen by it meitsjen fan de plannen.

It soe seis jier duorje foardat Us Dream iepene wurde koe, mei plak foar seis bewenners mei in mearfâldige handicap. Syn dochter Annika wie in fan harren. De Ljouwerter wenfoarm wie doe lanlik in foarbyld. Wilens binne der twahûndert fergelykbere lytsskalige hûzen foar handicapten yn it hiele lân.

Foto: Omrop Fryslân, Jan Dirk de Haan

In drege tiid kaam yn 2010. De regels foar it PGB (persoonsgebonden budget) waarden oanpast. Soarchoanbieder JP van den Bent stichting foarseach dat it trochsetten fan de lytsskalige wenfoarm dêrtroch net mear realistysk wie en luts him werom. Dêrmei ferlear Us Dream yn Ljouwert ek fjouwer bewenners en drige de basis fuort te fallen.

Wenningkorporaasje Elkien wie ree in diel fan it risiko op him te nimmen. "Dêrtroch binne wy rêden", sa seit Biemans, "mar it wiene drege tiden".

De âlden wurde ek âlder

It doel is dat de seis bewenners har hiele libben yn Us Dream bliuwe kinne. Wat foar kwalen sy ek krije, hoe dreech de soarch bytiden ek is. Mar de heiten en memmen binne ek 15 jier nei de oprjochting noch ûnmisber.

"Dat is in drege saak", erkent Biemans. "Want hoe losse je in probleem op dat sa djip giet as de rezjy fan de soarch oer dyn eigen bern?"

Foto: Omrop Fryslân, Jan Dirk de Haan

Is dat dan de kearside fan sa'n lytsskalige wenfoarm foar hendikepten, oprjochte en bestjoerd troch de âlden? Biemans fynt fan net: "It is de konsekwinsje fan it hawwen fan in dûbeld handicapt bern. Ik bin der wis fan dat wy it oplosse."

(advertinsje)