Plysje krijt tsientallen meldingen fan ôfparsmails fia pornowebside

05 okt 2018 - 16:11

De plysje yn Fryslân hat de ôfrûne trije dagen tsientallen meldingen fan minsken krigen, dy't in ôfparsmail fia in pornowebside krije. De ûntfanger fan de mail soe stikem filme wurde nei in besyk oan in pornowebside. Om foar te kommen dat it filmke nei bekenden stjoerd wurdt, moat de dupearre tûzen euro oermeitsje.

Online fraude - Foto: Shutterstock.com

De plysje ropt minsken op allinne oanjefte te dwaan as je ek echt jild oermakke ha. "Iedereen krijgt wel eens spam in zijn mail, maar als je het niet vertrouwt, open de mail dan vooral niet", sa seit in wurdfierder fan de plysje.

De Fraudehelpdesk lit witte dat der noch gjin gefallen bekend binne wêrfan't der ek echt bylden makke binne.

ôfparsmail - Foto: fraudeheldesk.nl
Trefwurden: 
plysje ôfparsing mail
(advertinsje)
(advertinsje)