Ministearje kart nij ferfiersplan Doeksen goed
It ferfiersplan fan Rederij Doeksen foar takom jier is goedkard troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Der wurde takom jier twa nije boaten yn gebrûk nommen troch de rederij wêrtroch't de tsjinstregeling feroarje sil.
It is noch net bekend hoe't de nije tsjinstregeling derút komt te sjen. Dêr komt takom wike meer dúdlikheid oar. Fan 1 novimber ôf kin der boekt wurde foar in oertocht yn 2019.