Ald-Hearrenfean oanfaller makket debút yn Dútske seleksje

05 okt 2018 - 15:35

Mark Uth, de 27-jierrige spits fan FC Schalke '04, dy't trije seizoenen fuotballe by sc Hearrenfean, hat fan bûnscoach Joachim Löw in útnûging krigen foar de wedstriden tsjin Oranje en Frankryk yn de Nations League.

Foto: Martin de Jong

Uth kaam yn 2012 oer fan 1. FC Köln en tekene in kontrakt foar trije jier by sc Hearrenfean. Hjir koe er in tige goeie yndruk efterlitte, wêrnei't er de kâns krige om wer werom nei Dútslân te ferhúzjen, om him dêr oan te sluten by TSG Hoffenheim. By dizze klup makke er ferline seizoen 14 doelpunten.

Syn nije klup FC Schalke 04 hat oant no ta noch net profitearje kind fan de doelpunten fan Uth, mar dochs foel er op by de bûnscoach. "Wy hâlde Mark al in skoft yn de gaten", sa seit Löw. "Hy is dynamysk, fluch en altyd gefaarlik foar de goal. We wolle him graach better kennen leare."

Denzel Dumfries

Njonken Uth mei ek âld-Hearrenfeanspiler Denzel Dumfries him opmeitsje foar in debút yn it nasjonale team. De ferdigener fan PSV is foar it earst oproppen om mei te spyljen yn it 'grutte' Oranje.

Nations League

De Nations League is in nije kompetysje fan de UEFA wêrmei't besocht wurdt de freonskiplike oefenwedstriden tusken lanneteams spannender te meitsjen. Alle leden fan de UEFA binne yndield yn ferskate difyzjes, wêrby't de sterke lannen yn de A-difyzje sitte, en de swakkere lannen bygelyks yn de C of D-difyzje.

Yn alle difyzjes wurde groepswedstriden spile, as in soarte fan miny-kompetysje. Dútslân, mei Mark Uth, sit yn deselde groep as Nederlân, mei ûnder oare âld-Hearrenfeanspiler Dumfries. De winner fan dizze miny-kompetysje spilet tsjin de oare winners út deselde difyzje foar in ticket foar it EK fan 2020.

(advertinsje)