Undergrins al berikt, mar dochs noch mear besunigingen jeugdsoarch

05 okt 2018 - 14:58

De ûndergrins is al berikt, mar dochs moat der noch folle mear besunige wurde op de jeugdsoarch yn Ljouwert. De tekoarten op it sosjaal domein yn Ljouwert rinne op en dat moat oplost wurde.

Jeugdsoarch - Foto: Shutterstock.com

Neffens direkteur Marianne Sinot is it eins net mear mooglik om op soarch te beknibbeljen. Se fynt dat der noch mear sinjalen rjochting Den Haag moatte om oan te jaan dat de gemeenten, en ek de soarchynstânsjes, mei de hannen yn it hier sitte.

Jild besparje

Der sil wol wer besocht wurde om fia oare wurkwizen jild te besparjen. Sinot tinkt dat der noch wer mear sjoen wurde moat nei mear gearwurking en der moat ek sjoen wurde nei de overhead en burokrasy yn de soarch. De útspraak fan wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert dat bern neat fan de besunigingen fernimme sille fynt Sinot 'útdaagjend'.

Ik vind dat de ondergrens al bereikt is, we moeten de krachten bundelen om dat duidelijk te maken

Marianne Sinot, direkteur Jeugdsoarch

Neffens de wethâlder moatte de gebietsteams noch tichter op de famyljes sitte om gruttere soarch letter foar te kommen. Sinot fynt dat prima mar jout tagelyk oan dat as je tichter op situaasjes sitte der ek mear soarch út weikomme kin omdat je mear sinjalearje. Dêr sit neffens har in spanningsfjild.

De gemeente en soarchynstellingen sille de kommende tiid mei inoar yn petear oer de tekoarten en eventuele oplossingen.

Marianne Sinot oer de besunigingen op jeugdsoarch

(advertinsje)
(advertinsje)