Dongeradiel siket muzikanten foar ôfskiedsfeest

05 okt 2018 - 14:17

De gemeente Dongeradiel is hurd op syk nei muzikanten dy't meiwurkje wolle oan in muzykstik ta gelegenheid fan it ôfskied fan de gemeente Dongeradiel.

Foto: Omrop Fryslân

It muzykstik is in leafdesdrama en wurdt 3 novimber útfierd troch bern fan ferskate skoallen yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 fusearje de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a. ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Leafdesferhaal

It leafdesferhaal giet oer in plattelânsjonge dy't fereale is op in famke út de stêd. De âldelju fan it famke sjogge de relaasje net sitten omdat it kultuerferskil te grut is en der ek in taalferskil is. Mar dat wjerhâldt it fereale stel net fan de relaasje, de leafde oerwint, en der bloeit wat moais op tusken de jonge en it famke.

It ferhaal wurd muzikaal begelaat troch popferskes en foar de útfiering dêrfan binne der muzikanten nedich. De muzyk stiet fan 15 oktober ôf online op www.opus3.nl. De repetysje fan it gelegenheidsorkest is ek op 3 novimber, yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum.

Trefwurden: 
muzyk Dongeradiel muzikanten
(advertinsje)