Freedsmerk oer Unilever: "Se hawwe ús by de poat"

"Se hawwe ús by de poat", sa wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op it nijs dat Unilever dochs net nei Rotterdam komt. "It kabinet brûkte dat krekt as reden om de dividintbelesting ôf te skaffen, mar skynber kin dat dy bedriuwen neat skele."
© ANP
"Grutte bedriuwen fan dit formaat litte har echt net stjoere, Rutte siet der folslein neist", seit in oar. Immen dy't himsels 'bepaald niet links' neamt, sei dat Rutte allinnich oerein bliuwe kin as er no sa wiis is om syn dividintbelestingplan los te litten.

Komplot?

"De kleine man is altyd it bokje juh, dat is nou niet anders", kaam ek wer foarby. En dan wie der ek noch ien dy't suver oan in komplot tinke moast. "Rutte hâldt sa bot fêst oan dat plan, dêr moat hast wat oars efter sitte."
De Grinzer tasseman wie it dúdlikst. "Rutte belooft van alles, maar kletst uit zijn nek. Opzouten!"
Minsken op de Ljouwerter freedsmerk yn petear mei ferslachjouwer René Koster