Vlap en Lammers by seleksje Jong Oranje

Sam Lammers en Michel Vlap binne troch bûnscoach Erwin van de Looi oproppen foar Jong Oranje. De spilers fan SC Hearrenfean kinne meidwaan yn de duels mei Letlân en Oekraïne.
© OrangePictures
Nederlân spilet op 12 oktober yn Riga tsjin Letlân. Fjouwer dagen letter stiet de wedstriid tsjin Oekraïne op it programma. Dat duel wurdt spile yn Doetinchem.