Tunnels by Werpsterhoeke ynkoarten te brûken foar fytsers en automobilisten

De twa tunnels ûnder it spoar by de Werpsterhoeke yn Ljouwert gean op koarte termyn iepen foar it ferkear. De tunnels binne ûnderdiel fan it plan dêr in treinstasjon te bouwen. De bou fan it stasjon is foarearst útsteld.
© Vrij Baan
De twa tunnels binne al in skoft klear. Der binne allinnich problemen mei de ôffier fan it wetter. Foar de autotunnel wie de pompkapasiteit net tarikkend genôch. De oannimmer is dêr mei oan de slach gien en hat in oplossing fûn. Der is no in sterkere pomp pleatst. De dyk kriget ynkoarten in laach asfalt en de tunnel kin ein novimber dan iepen foar it ferkear.

Wetter is it probleem

It probleem by it stasjonskompleks sit ûnder de grûn. Der komt dêr in soad wetter omheech. Der moat dan ek kontinu bemealle wurde. Om't der lang socht is om in goede oplossing, koene de paden noch net iepene wurde. De provinsje is no noch eigener fan de grûn. As it oplevere wurdt, giet it oer nei de gemeente Ljouwert.

Yn oktober fytspaad iepen

De fytstunnel en it fytspaad mei de namme Soldatepaad bin al in skoft klear. Op 15 oktober wurde de stekken fuorthelle en kin elkenien der gebrûk fan meitsje. De âlde spoaroergongen yn de Brédyk en de Nije Werpsterdyk wurde op termyn dan ôfsletten foar it ferkear. De provinsje is dêroer yn oerlis mei spoarbehearder ProRail.

Bou stasjon útsteld

De bou fan it stasjon sels is foarearst útsteld. Dat hat te krijen mei de fertraging yn de ûntwikkeling fan de wyk De Súdlannen. Njonken wenten is dêr in soad romte foar kantoaren. Dat falt lykwols ôf. It Van der Valkhotel stiet der en ien fan de bedriuwekavels is beboud. De ferwachte stream treinreizgers kin dan ek net helle wurde. Deputearre Johannes Kramer stelt dat it giet om útstel fan de bou fan in stasjon en der perfoarst gjin sprake is fan ôfstel.