Famke (17) wol kafee binnenkomme mei selsmakke ID

05 okt 2018 - 11:41

In famke fan 17 jier út Ljouwert hat besocht om in kafee oan it Ruterskertier yn Ljouwert binnen te kommen mei in selsmakke identiteitsbewiis.

Foto: ANP Foto

It famke die dat om 2:59 oere hinne, yn de nacht fan tongersdei op freed. De portier hat har oerdroegen oan de plysje. Sy kriget noch in boete.

Ferline wike wie der ek al in famke fan 17 jier trappearre oan it Ruterskertier. Sy kaam út de gemeente Súdwest-Fryslân en hie neffens de plysje in"totaal mislukte ID-kaart" by har. Ek sy krige in boete.

Trefwurden: 
Ljouwert ruterskertier
(advertinsje)