Fjochtpartij yn Surhústerfean, 17-jierrige jonge oanhâlden
In 17-jierrige jonge út Surhústerfean is tongersdeitejûn oanhâlden nei't er op de Kolk in fyts fernield hie. De plysje ried om acht oere jûns hinne manmachtich út nei it sintrum fan it doarp, nei't der in fjochtpartij útbrutsen wie tusken twa groepen jeugd.
De fjochterij foel op himsels ta, mar luts wol in soad publyk. Nei't de plysje de groepen út inoar helle hie, kearde de rêst gau werom.