Griene Sudertoer op Skier wurdt takom jier pas wer wyt

05 okt 2018 - 11:04

De opknapbeurt fan de Sudertoer op Skiermûntseach is foarearst útsteld. De grien útsleine toer soe nei de simmer skjinmakke en wyt ferve wurde, mar de ûnderhannelingen mei de eigeners en oare belutsen ynstânsjes duorren langer as tocht.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De opknapbeurt kostet 60.000 euro en stiet no foar maart takom jier op de aginda. Dan sil ek de omjouwing fan de toer, ek bekend as de wettertoer, oanpakt wurde. De grutte skûtel oan de foarkant fan de toer sil ferdwine en de orizjinele trep komt werom.

By de opknapbeurt binne twa stichtingen belutsen: de nije eigener Behoud Zuidertoren, dy't de toer kocht fan KPN, en de Stichting Zuidertoren.

(advertinsje)