Nei in rûzige wike rjochtet SC Hearrenfean him op De Graafschap

05 okt 2018 - 10:55

De druk nimt hieltyd fierder ta op SC Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink. Nei 7 kompetysjewedstriden hat Hearrenfean noch mar ien oerwinning helle en stiet op it stuit op in teloarstellend 11e plak.

Trainer Jan Olde Riekerink wol net folle loslitte oer de opstelling. Tsjin ADO Den Haach stie Yuki Kobayashi ferrassend oan de rjochterkant, mar trainer Jan Olde Riekerink lit yn it midden oft de Japanner tsjin De Graafschap wer dy rol krijt. "Dat paste vorige week goed tegen Den Haag. Tegen De Graafschap kan je het ook invullen met echte buitenspelers. Dan krijg je meer diepte", sa sei Olde Riekerink.

Kwa punten steane sc Hearrenfean en De Graafschap op likense hichte mei beide 7 punten. "Voor dit moment is het de realiteit, maar aan het eind van de rit zal Heerenveen hoger staan", sa seit trainer Henk de Jong op de webside fan sc Hearrenfean. "Ondanks dat we veel spelers missen, staat het elftal. Er zit schwung in en de overwinning op Willem II geeft kracht en zorgt voor zelfbewustzijn."

Hearrenfean hat in rûzige wike efter de rêch. Moandei stie der in kollum yn de Telegraaf dat de spilers trainer Jan Olde Riekerink net langer serieus nimme. "Dat vind ik suggestief. Daar kan ik niet op reageren. Er wordt zoveel geroepen in de voetballerij. Het is mijn verantwoordlijkheid om Heerenveen te laten winnen. Hier kan ik niks mee", sa seit Olde Riekerink yn in reaksje.

Twa dagen helle in útspraak fan doelman Warner Hahn it nijs. Yn it klupblêd seit Hahn dat hy leafer net yn it Abe Lenstra Stadion fuotballet. "Supporters hier zijn meestal kritisch. Bij een terugspeelbal of als het even niet loopt beginnen ze soms al te fluiten. Ik vind dat oprecht jammer, want het zorgt ervoor dat ik liever uitwedstrijden speel dan thuiswedstrijden."

Fermoedlike opstelling: Hahn, Pierie, Bulthuis, Hoegh, Floranus, Rienstra, Thorsby, Vlap, Zeneli, Lammers, Kobayashi.

(advertinsje)
(advertinsje)