Ljouwert wol in miljoen fan SNN foar útfierde nijbouprojekten

05 okt 2018 - 10:11

De gemeente Ljouwert easket noch ien miljoen euro fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, it SNN. Yn de sitting by de Rie fan Steat sei it kolleezje fan B&W rjocht op dat jild te hawwen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It giet om subsydzje foar útfierde nijbouprojekten yn de binnenstêd. It giet om de Nieuwe Oosterstraat en it Harmoniekwartier. Oan de Nieuwe Oosterstraat kocht de gemeente trije gebouwen dy't sloopt waarden foar de nije parkeargaraazje en in appartemintegebou.

Het is een lullig gangetje geworden

SNN

De gemeente hie op mear SNN-subsydzje rekkene omdat de yngong fan de parkeargaraazje in ferbettering betsjutte foar it iepenbier gebiet. "Het is een lullig gangetje geworden", sei in fertsjintwurdiger fan SNN.

Yn it Harmoniekwartier giet it om de oankeap fan gebouwen foar 3,4 miljoen euro. SNN seit dat de gemeente yn it ferline tefolle betelle hat foar dy gebouwen en hat subsydzje jûn op basis fan in legere taksaasjewearde. De gemeente Ljouwert fynt dat net korrekt. De Rie fan Steat docht oer in pear wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)