Ljouwerter slacht man trije kear yn it gesicht
In 22-jierrige man is yn de nacht fan tongersdei op freed oanhâlden yn Ljouwert. Hy hie in man, in klant fan in snackbar, trije kear yn it gesicht slein.
Dat barde yn in snackbar oan it Ruterskertier. Der wie gjin oanlieding foar de mishanneling, seit de plysje.
De fertochte út Ljouwert sit fêst foar ûndersyk.