Kollum: "Teetiid"

05 okt 2018 - 07:29

"Ik mei graach in bakje tee. Alkohol en kofje jou ik neat om en frisdrinken keapje ik noait. As ik op stap bin en wol wat enerzjy brûke kin, dan drink ik kola en as ik beroerd bin, dan docht in glês Rivella wol fertuten.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma.

Tee hat altyd al myn favorite drankje west, mar de tee fan myn beppes en omke Tjeerd wie dochs wol it lekkerst. Dy hiene noch sa'n âlderwetske teepot op in teeljochtsje en dan moast de tee earst in skoftsje lûke. En as it goed wie, dan krigest it yn sa'n gesellich teekopke. Bytsje sûker en in koekje derby, hearlik!

Sa doch ik it net. Ik ha ek ferskate soarten tee en ik jit it direkt fanút de tsjettel yn in grut glês. Hoe grutter, hoe better mar ik ha wol in soarte fan fêst ritueel. Moarns krij ik altyd griene tee mei cranberry en in stikje 'pure' sûkelade. Middeis ha 'k in fariaasje, mar op 't heden drink ik brânnetteltee en jûns krij ik Ceylon-tee mei in skepke sûker.

Dit is op himsels net in hiel ynteressant ferhaal, mar wat it wol nijsgjirrich makket, binne de fragen dy't op de pûdsjes fan de Pickwick-tee steane. "Welke bordspellen staan er in jouw top 3?" - Net ien. "Wat is de naam van jouw lievelingsknuffel?" - Mindert. "Wie staat er altijd voor je klaar?" - Us heit en mem. "Hoe belangrijk zijn social media voor je?" - Ik bin ôfkickt, dus net mear sa wichtich, ensafuorthinne.

Ik fyn it sa aardich en it binne allegearre ferskate fragen. Ik wit wol dat guon minsken my saai fine. As elkenien smoar is, dan drink ik tee. As it waarm is en oaren nei in kâld glês bier ferlange, dan bestel ik tee. As ik mysels sneu fyn, dan is de kombinaasje fan tee mei Maria-koekjes altyd goed en dan it leafste in hiele rôle.

Der komme hieltyd mear soarten tee en dat makket it hiel aventoerlik. Yn guon restauranten is teedrinke echt in belibben, dus dêr kom ik graach. Dan krijst der allegearre lekkere dingen by en hawwe se aparte smaken. Dêr wurdt it libben fan de 'teeleuten' ek wer wat spannender troch.

Mei it skûtsjesilen wurdt der altyd omraak bier sûpt, mar ik drink tee. En omdat it praat meastentiids ek oer bier en gehakballen giet, like my it wol aardich om immen (in man) de fraach te stellen dy't op myn teepûdsje stie: "Wat is het eerste dat je doet als je wakker wordt?" It antwurd wie: 'Seike.'

Ik frege it letter oan in oar bemanningslid en doe wie it antwurd: 'Mige.' Wy leine allegearre dûbeld fansels, mar it hat my wol ynspirearre. Want sûnt dy tiid sparje ik de fragen en dy nim ik takom jier mei as we wer sile moatte. En as elkenien om 'e tafel sit te sûpen, dan krij ik myn blikje en kinne se dêr moai om bar in fraach út fiskje. It is allinnich wol spitich dat ik by alle fragen no earst tink oan in mooglik antwurd.

"Wat is jouw favoriete plek in huis?" - It húske. "Wat is jouw favorite me-time moment?" - As ik op 'e pot sit. "Wat is het stomste dat je ooit hebt gedaan?" Yn 'e kleankast mige. "Wat is jouw grootste prestatie tot nu toe?" - Mysels ûnder mige. En as lêste: "Van welke gebeurtenis heb je het meest geleerd?" - Dat it handich is om earst de broek út te dwaan as je skite moatte.'

Je hoege dus net perfoarst dronken te wêzen om ôfwaaid praat te hawwen. Dat slagget mei tee likegoed."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)