Plysje nimt 16 auto's yn beslach by kontrôle mei belestingtsjinst

05 okt 2018 - 06:04

De plysje en de belestingtsjinst ha tongersdei in grutte kontrôle hâlden lâns de Drachtsterwei yn Ljouwert. Dêrby binne 16 auto's yn beslach naam en is foar 18.000 euro oan skulden by de belestingtsjinst binnenhelle.

Plysje - Foto: ANP

Acht bestjoerders krigen in boete foar ûnder oare beljen ûnder it riden, it brûken fan de mistlampe en it riden yn in net-fersekere auto.

Ien fan de automobilisten dy't oanhâlden waard, wie in begjinnend bestjoerder dy't sûnder rydbewiis, mei drank op en hy ried mei in glêde bân. De auto fan de man is yn beslach naam.

(advertinsje)