Nij rekreaasjepark by Balk: 48 wetterfilla's fan fjouwer ton it stik
Kontour Vastgoed fan It Hearrenfean wol op it plak fan camping Marswâl oan de Luts by de Sleattemer Mar in rekreaasjepark bouwe mei 48 lúkse wetterfilla's. Dy sille mear as 400.000 euro it stik kostje, wêrmei't it in plan wurdt fan seker 19 miljoen euro. Gemeente De Fryske Marren wurket mei oan de plannen.
Underdiel fan de plannen is in nije beweechbere brêge om it park te ûntsluten. De saneamde planologyske proseduere by de gemeente set no útein. Der is al praat mei omwenners.
As alles goed giet, set de ferkeap mids takom jier útein. De bou wurdt yn twa fazes útfierd.