Yllegaal fjoerwurk yn brommers ferstoppe: 200 oeren wurkstraf

04 okt 2018 - 22:16

Foar it besit fan 240 stiks yllegaal fjoerwurk hat in Drachtster tongersdei in flinke wurkstraf krigen. De 50-jierrige man moat yn totaal 200 oeren ferplichte oan it wurk. In 21-jierrige ynwenner fan Rinsumageast krige ek 60 oeren wurkstraf. Hy waard by in ferkearskontrôle oanhâlden mei nitraatbommen yn 'e koffer fan de auto.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De plysje kaam yn desimber 2016 nei in tip by de 50-jierrige Drachtster oan 'e doar. De man hie yllegaal fjoerwurk ferstoppe yn twa brommers, yn in sintrifúzje en ûnder in túnset. Hy ferklearre ek noch dat er tsien pakken nitraatbommen oan minderjierrigen ferkocht te hawwen.

''Ik heb nooit vuurwerk''

De Rinsumageastmer waard inkelde wiken letter by in ferkearskontrôle yn Broeksterwâld oanhâlden, om't er in ferkeard kenteken op syn oanhingwein hie. Doe't er it goede nûmerboerd út 'e kofferbak helle, seagen de plysjes de nitraatbommen lizzen.

Ik was gelijk de Sjaak.

De 21-jierrige ynwenner fan Rinsumageast

''Ik heb nooit vuurwerk'', sa ferklearre de fertochte. ''Ik heb het één keer gehad en ik was gelijk de Sjaak.'' De rjochter hold by de straf rekken mei it feit dat de saak al hast twa jier âld wie.

(advertinsje)