Mei sweltsjes en sweevjende hynders kin de Fryske literatuer de wrâld oer

Krekt op 'e tiid foar de Frankfurter Buchmesse fan nije wike is tongersdei by boekhannel Van der Velde yn Ljouwert de twatalige blomlêzing Swallows and Floating Horses presintearre. It giet om in romme, mar wol persoanlike seleksje út de Fryske literatuer fan alle tiden en wynstreken, sammele troch Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Looijenga.
De presintaasje fan de blomlêzing mei de dichters Anne Feddema en Arjan Hut en rjochts gearstaller André Looijenga © Omrop Fryslân
It hast 400 siden tsjokke boek ferskynt by de Ingelske útjouwerij Francis Boutle Publishers yn in rige fan blomlêzingen literatuer yn minderheidstalen. As oersetters binne betûfte Ingelske literatuer-oersetters oanlutsen. Sy krigen in kursus Frysk om it Frysk better lêze te kinnen, mar koene ek in berop dwaan op oersettings yn it Nederlânsk en op de tsjinsten fan de twa Fryske tusken-oersetters Jetske Bilker en Jantsje Post.

Fan Liudger oant Elmar

De blomlêzing begjint mei in beskriuwing fan it libben fan evangelist Liudger yn de midsiuwen en einiget mei it noch reedlik resinte fers 'Myn lân' fan Elmar Kuiper. Yn it boek is ek in seistal teksten opnommen yn it Noard- en Eastfrysk.
Heechlearaar Reinier Salverda, âld-direkteur fan de Fryske Akademy, omskriuwt it boek as 'in literêre skat', dêr't ek foar Friezen sels noch in soad yn te ûntdekken falt. De gearstallers hawwe besocht de teksten sa te kiezen, dat de lêzers ek in goed byld krije fan de Fryske skiednis, taal, lânskip en bysûnderheden.

Titel Swallows and Floating Horses komt fan Faderpaard

"It giet om in persoanlike seleksje", fertelt gearstaller Ernst Bruinsma. "We hawwe net de meast bekende teksten selektearre, mar bekende skriuwers as Gysbert Japicx, de bruorren Halbertsma, Tiny Mulder, Diet Huber, Trinus Riemersma, Anne Wadman en Rink van der Velde hawwe wol allegearre in plak krigen yn it boek." De titel fan it boek 'Swallows and Floating Horses' komt út de oersetting fan it fers 'It Faderpaard' fan Tsjêbbe Hettinga.
De útjefte fan it boek wurdt stipe troch de Provinsje Fryslân en it Nederlandse Letterenfonds. De útjouwerij hat yn earste ynstânsje tûzen eksimplaren fan de mânske blomlêzing printsje litten, mar hopet fansels op in twadde printinge.
Begjin desimber is der in twadde offisjele presintaasje fan de Sweltsjes en Driuwende Hynders yn Londen.
De presintaasje fan de blomlêzing mei de dichters Anne Feddema en Arjan Hut en rjochts gearstaller André Looijenga © Omrop Fryslân
Ronnie Terpstra fan boekhannel Van der Velde mei de Britske útjouwer fan de blomlêzing © Omrop Fryslân
Mei sweltsjes en driuwende hynders kin de Fryske literatuer de wrâld oer