Boeien yn Willemshaven nei in jier alwer fuorthelle

04 okt 2018 - 21:16

Fiif grutte boeien dy't foar dekoraasje yn de Willemshaven yn Harns stean, gean dêr wer wei. Se binne fernield en smite gefaarlike situaasjes op.

De Willemshaven koe wol wat fleurichs brûke, fûn ûndernimmer Willem Koornstra. Syn bedriuw hie op in feiling in pear seeboeien opkocht mei it doel om der wat kreatyfs mei te dwaan. Sa boude er ien om ta útkyktoer en yn in oarenien sit no in hottub.

Krassen, stikken ôfbutsen en minsken klimme derop

Fiif eksimplaren sette er in jier ferlyn op de kaai fan de Willemshaven: "Die is wat troosteloos en kan wel wat worden opgefleurd". Mar út foarsoarch hellet er se der no wer wei,. Foar de safolste kear binne der saken oan fernield: krassen, stikken ôfbrutsen. Boppedat klimme minsken op de boeien en dat is gefaarlik. in heechste punt fan in boei is likernôch seis meter.

We dachten er de Willemshaven een beetje mooier mee te maken, maar dat blijkt niet mogelijk te zijn in Harlingen.

Willem Koornstra
Boeien yn de Willemshaven fan Harns - Foto: Facebook de Braaiboei

Koornstra fynt it hiel spitich dat er dit beslút nimme moast. Mar hy slút net út dat de boeien yn de takomst wer in plak krije op de haven. Hoe, dat wit er noch net. Hy is dêr noch mei de gemeente yn oerlis oer.

Trefwurden: 
Harns Willemshaven boeien
(advertinsje)