Frysk Twadde Keamerlid Diks oer cyberoperaasje: ''It komt hiel tichteby''

04 okt 2018 - 21:09

''We weten al een hele tijd dat Rusland druk bezig is om westerse democratieën te beïnvloeden; het is zorgelijk dat dit nu dus ook op Nederlands grondgebied gebeurt.'' Dat seit it Ljouwerter Twadde Keamerlid Isabelle Diks fan GrienLinks, as reaksje op de Russyske cyberoperaasje yn april dit jier yn Den Haag.

Foto: Omrop Fryslân

Tongersdei waard bekend dat de MIVD, de militêre ynljochtingetsjinst, in Russyske cyberoperaasje fersteurd hat. It beëage doel wie de OPCW, de Organisatie voor het Verbod op Chemische Wapens. Fjouwer Russen besochten yn te brekken op it WiFi-netwurk.

Unakseptabel

De Twadde Keamer fynt de Russyske operaasje ûnakseptabel. ''Het is erg zorgelijk dat men op Nederlands grondgebied probeert internationale organisaties te hacken'', sa seit Isabelle Diks. ''Het komt op deze manier heel dichtbij. Ik ben trots op het werk van de MIVD.''

En wat betsjut de cyberoperaasje foar de ferhâldingen mei Ruslân? ''Die komen nog verder onder druk te staan'', neffens Diks. De fjouwer Russyske spionnen binne op it fleantúch nei Moskou set.

Isabelle Diks fertelt yn Weistra op wei oer de cyberoperaasje

(advertinsje)