Navigaasje-app Waze no ek yn it Frysk: De tiid hâldt gjin skoft, litte wy gean

04 okt 2018 - 21:04

De navigaasje-app Waze is no ek yn de Fryske taal beskikber. Frijwilligers hawwe der moannenlang mei oan de gong west om it foarinoar te krijen. De stim is ynsprutsen troch Wini Weidenaar fan Dokkum en wy prate mei har.

Foto: Omrop Fryslân

Wie it in soad wurk?

"Foar my net, mar wol foar de minsken dy't it oerset hawwe. Dy hawwe der lang mei dwaande west. Dêrnei haw ik in oere oant oardel oere yn studio west om it yn te sprekken. Dus op himsels foel dat bêst wol ta."

Wat binne de gekste oanwizings dy'tst ynlêzen hast?

"Tsja, de gekste oanwizings..."

Dy fan 'Fierderop stiet in read ljocht' wie wol in moaienien.

"Wat ik yn it begjin sei fan 'Fan hjirôf gean wy begjinne' of soksawat, dat fûn ik wol apart."

It wie: 'De tiid hâldt gjin skoft. Litte wy gean'

"Ja, dêr haw ik smaaklik om lake, want ik hie it yn it foar efkes trochlêzen. Ik fyn it geweldich hoe't it fertaald is troch frijwilligers. En ik tocht: As se my dan freegje, dan kin ik net achterbliuwe om it yn te sprekken."

Fynst it belangryk dat it no ek yn it Frysk beskikber is?

"Ja, dat fyn ik wol. It hat ek wol wat, want fielst dy thús by in taal. En ûnderweis jout it feilichheid. Ik fyn it wol moai."

Hast al reaksjes hân fan minsken dy't it ynstallearre hawwe?

"Nee, eins net. Eins is it hjoed pas útkaam. Nee, no betink ik my: Ik haw wol in reaksje hân, want op Facebook sei ien 'Hoi Nynke' tsjin my."

Ja, want do hjitst Nynke yn it systeem.

"Minsken mochten stimme hokker namme se hawwe woene. Op Twitter hawwe se der call útgean litten. Koest stimme op in tal nammen, ek op Femke. Op dy namme hie ik eins hope. Mar ja, mear as ien stim mocht ik net útbringe, haha."

Hast daliks yn de auto dysels op de speaker?

"Ik haw him op myn telefoan, dus it kin wol. Mar ik fyn it in bytsje raar. Ik wit noch net oft ik dat wol doch, want it liedt my tefolle ôf."

Wini Weidenaar

(advertinsje)