Ljouwert stiet der finansjeel better foar, mar de tekoarten op de jeugdsoarch bliuwe problematysk

04 okt 2018 - 20:01

De gemeente Ljouwert hâldt takom jier mear jild oer, sa stiet yn de begrutting. It grutste probleem bliuwt lykwols it saneamde sosjaal domein. Dat is de sammelnamme foar ûnder oare de jeugdsoarch en de Wet Maatschappelijke Ondersteuning.

Stedhûs Ljouwert - Foto: Google Streetview

Oplossen tekoarten hege prioriteit

It tekoart op it sosjaal domein is noch altyd heech. Foar takom jier is der 14 miljoen euro ekstra nedich. Om mooglike tsjinfallers op te fangen, reservearret de gemeente goed 1 miljoen euro. De oanpak fan de tekoarten hat hege prioriteit, seit wethâlder Sjoerd Feitsma: " De kommende tiid gean we oan de slach om te sjen oft we oars wurkje kinne. We wolle tichterby húshâldings sitten gean sadat wy problemen earder ûnderfange kinne."

Besunigings rinne op

Dochs moat de jeugdsoarch it oer in pear jier mei trije miljoen euro minder dwaan. Dêr fernimme de bern dy't help nedich hawwe neat fan, seit Feitsma. " As it goed is net. Want krekt troch dy oare wurkwize hawwe wy problemen earder yn byld. No kom jo faak letter en is der in ynterfinsje nedich. Dat kostet folle mear jild."

Eksperimentearje mei besunigingsmaatregels

Om te sjen hokker maatregels oft it bêste wurkje om jild te besparjen wurde de kommende tiid in tal eksperiminten útset yn wiken en doarpen fan de gemeente Ljouwert. De resultaten wurde letter beoardiele en dan moat dúdlik wurde hoe't it bêste besparre wurde kin. "We moatte besunigje", seit Feitsma. "We krije minder jild fan it ryk en wy hawwe mear taken. Wy wolle sjen oft we it foar de boarger dy't help nedich hat sa goed as mooglik regelje kinne."

Stroppepot om gatten te foljen

In soad gemeenten yn Nederlân hawwe tekoarten op it sosjale domein. It ryk hat dêrom in saneamde 'stroppepot' mei jild. Ljouwert hat yntusken in oanfraach dien foar in bydrage út dat fûns om de tekoarten op te fangen.

Finansjeel alles op 'e rit

De gemeente Ljouwert hâldt al mei al takom jier hast 8 ton oer. Ek foar de kommende jierren liket it derop dat de gemeente swarte sifers skriuwt.

(advertinsje)