Rjochtsaak driget foar romjen grêf

07 nov 2011 - 13:00

De herfoarme gemeente fan Warstiens, Warten en Wergea hinget in rjochtsaak boppe de holle fanwege it ûnterjocht romjen fan in grêf.

De herfoarme gemeente fan Warstiens, Warten en Wergea hinget in rjochtsaak boppe de holle fanwege it ûnterjocht romjen fan in grêf. Yn maaie waard sûnder tastemming it grêf fan it echtpear Hofstra romme. De stoflike rêsten waarden op in oar fjildsje begroeven.

De tsjerke herstelde de flater en makke in nij grêf, mar guon neibesteanden binne skeptysk en twivelje oft it wol om de rêsten fan pake en beppe Hofstra giet. Sy wolle fia de rjochter in DNA-test ôfdwinge. De herfoarme gemeente jout ta dat se in flater makke ha, mar seit der wis fan te wêzen dat de goeie rêsten herbegroeven binne.

(advertinsje)
(advertinsje)