Trijetal kriget straf foar strjitrôven mei mes, hammer en neppistoal

04 okt 2018 - 18:07

Twa jonges fan 17 en 19 jier út Wolvegea en in 18-jierrige jonge út Noardwâlde hawwe tongersdei wurkstraffen krigen foar twa strjitrôven, ein ferline jier. Se moatte as straf 120 oant 150 oeren ferplichte oan it wurk en se moatte dielnimme oan in hurde maatregel fan jeugdreklassearring.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It trijetal lokke yn novimber en desimber feline jier twa slachtoffers nei in park in Wolvegea. Dêr waarden se ûnder bedriging fan in mes, in hammer en in sabeare pistoal berôve. Se moasten harren telefoans, jild, bankpassen en sels de eigen jas ôfjaan. De slachtoffers waarden bedrige en moasten knibbelje mei de hannen achter de holle.

Slachtoffers hawwe psychyske problemen oan berôving oerhâlden

Neffens de rjochtbank hawwe de slachtoffers grutte psychyske problemen oerhâlden oan de strjitrôf. De dieders krigen ek jeugddetinsje ûnder betingst oplein. Ien fan de slachtoffers krijt noch in skeafergoeding fan 1250 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)