GGD wol Fryslân binnen fjouwer jier smookfrij meitsje

04 okt 2018 - 17:34

In folsleine generaasje Fryske bern dy't opgroeit sûnder dat se yn de buert komme fan smokers. In grut tal ynstânsjes presintearren tongersdei in plan dat dat mooglik meitsje moat.

De sifers lige der net om: fyftjin op de hûndert Fryske heiten en memmen smookt. It wurdt tiid om de nije generaasje sûnder sigaret opgroeie te litten, fynt de GGD. De sûnensorganisaasje hat dêr in plan foar dat oare organisaasjes ûnderskriuwe. Doel is om Fryslân yn 2022 smookfrij te hawwen.

It Fryske projekt fan in smookfrije generaasje hat as doel plakken dêr't bern faak komme, smookfriij te meitsjen. Sa wurdt by in soad sportferienings en op skoallen geregeld in sigaret opstutsen.

De GGD wit dat de ferlieding grut is. Alle dagen begjinne yn Nederlân hûndert bern ûnder de 18 jier mei smoken. De helte fan harren komt der net mear ôf en rekket ferslave. In smookfrije generaasje is in hiele toer.

Tafelpetear yn Fryslân Hjoed

Yn Fryslân Hjoed binne Jeroen Hinneman fan Ferslavingssoarch Noard-Nederlân te gast. Ferslavingssoarch is ien fan de klups dy't it plan ûnderskreaun hat. Ek te gast is Omrop Fryslân-ferslachjouwer Eric Ennema. Hy docht mei oan Stoptober. Dat is in lanlike aksjemoanne om fan it smoken ôf te kommen.

Trefwurden: 
GGD smookfrij smookferbod
(advertinsje)
(advertinsje)