Keallekeuring Bolletongersdei werom yn sintrum Boalsert

04 okt 2018 - 17:03

De keallekeuring op Bolletongersdei is dit jier foar it earst sûnt santjin jier werom yn it sintrum fan Boalsert. Fan 2001 ôf wie dat ferbean fanwege de tongblierútbraak. De lêste pear jier dêrnei wie de keuring yn de maneezje. Mar no is er werom yn it sintrum. En dêr is keallefokklup De Twaling tige bliid mei, seit foarsitter Jentsje Bootsma. Der komt neffens him folle mear folk op ôf.

De keallekeuring fynt plak op de busremize fan Arriva dêr't ek in agraryske beurs en in agrarysk beleefplan is. Dêr is foar besikers fan alles te sjen en te dwaan dat mei buorkjen en de produksje fan iten te krijen hat. Idee is om de agraryske sektor tichterby de boarger te bringen. Beide groepen moetsje elkoar tsjintwurdich hieltyd minder en dat soarget foar ûnbegryp, fynt de organisaasje fan Bolletongersdei. 'Boalsert is fanâlds in suvelstêd en we wolle dy ferbining mei de boeren werom bringe', seit Cor de Groot foarsitter fan de stichting Bolletongersdei.

Jan Galama (l) en Cor de Groot - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Jan Galama bestjoer Bolletongersdei

Hoewol't de organisaasje fan de dei net altyd maklik is fanwege de regeljouwing bestiet de winsk om Bolletongersdei as evenemint út te wreidzjen. Dêrby wurdt neffens bestjoerslid Jan Galama foaral tocht oan edukaasje. Njonken it agraryske plein wie der de hiele dei ek in grutte bradery yn de stêd.

Reportaazje oer Keallekeuring yn Boalsert

(advertinsje)