Dieredei: iisbearen Aqua Zoo krije farsk iis as spesjale traktaasje

De iisbearen fan Aqua Zoo wurde op dizze dieredei bliidmakke mei in hiel soad 'farsk' iis. Dat is unyk, want sa'n grutte bulte snie hiene de iisbearen Nanu en Felix yn Aqua Zoo noch net earder sjoen.
Dieredei: iisbearen Aqua Zoo krije farsk iis as spesjale traktaasje
It iis is tongersdei troch de iisdweilmasine fan de Ljouwerter iishal fan de baan helle. De kilo's iis binne yn in grutte frachtwein laden en nei it bistepark brocht.
It is dizze dei op de hiele wrâld dieredei. Aqua Zoo wol de iisbearen traktearje mei it farske iis.
Neffens Baukje Heeg fan de Ljouwerter iishal wie it in kâld keunstke foar de iismasters. "Gewoanwei ferdwynt it iis yn in put en wurdt it wetter opnij brûkt foar it meitsjen fan iis. Dat wy de iisbearen dêr no bliid mei meitsje kinne, is foar ús ek moai meinaam!"
Om 14:00 hinne oere waarden de iisbearen ferrast mei bakken fol iis. Der waarden ek wat fiskjes troch de snie mjukse. Iisbear Felix wie it meast te finen op de bulte snie.