FIDEO: Natuerdetektive siket rottekop
Yn de rige 'De natuerdetektive' is Omrop Fryslân op syk nei nuveraardichheden yn de natuer. Dizze kear wurdt de natuerdetektive derop útstjoerd om in seldsum sûchdierke te sykjen by Terherne: de rottekop. It mûske is ferneamd as 'Noordse woelmuis', omdat it wolris yn it paad rûn fan minsken dy't it ien en oar bouwe woenen.
Op paad mei de natuerdetektive: Op syk nei de Rottekop
Ferslachjouwer Remco de Vries is De Natuerdetektive fan Omrop Fryslân. Earder gie er al op syk nei de das op de Ketliker heide, de aaikes fan in nachtflinter yn it Fochtelerfean en de stippele diseltreinwjirm op it Waad by Peazens.