NHL Stenden op twa nei bêste hegeskoalle fan Nederlân

04 okt 2018 - 15:52

NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert stiet op nûmer trije fan de Keuzegids Hbo 2019 foar hegeskoallen. It is in tredde plak by de tolve grutte hegeskoallen yn Nederlân.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De Keuzegids makket in ranglist op basis fan studinttefredenheid, akkreditaasjes en it tal studinten dat de stúdzje suksesfol ôfslút. NHL en Stenden binne dit jier fusearre. Ferline jier kamen se yn de kategory middelgrutte skoallen op in 5e en 7e plak.

Trefwurden: 
NHL Stenden keuzegids top 3
(advertinsje)