Cambuur: Slimme krúsbânblessuere foar Jordy van Deelen

04 okt 2018 - 15:33

Cambuur kin foarearst gjin berop dwaan op ferdigener Jordy van Deelen. Hy hat yn de wedstriid ôfrûne freed tsjin Roda JC in krúsbânblessuere oprûn. Gelok by in ûngelok is dat de krúsbân net hielendal ôfskuord is en dat der gjin operaasje nedich is. Van Deelen rûn de blessuere yn it begjin fan de wedstriid op, mar hy hat gewoan trochspile.

Op moandei nei de wedstriid fertoande de knibbel reaksje en doe is der in scan makke. Dêr die út bliken dat der yn de achterste krúsbân in skuor sit. Van Deelen moat troch yntinsive fysiotherapy wer fit sjen te wurden. De ferwachting is dat it trije moanne duorje sil foar't er wer better is. Van Deelen hopet dat er nei de winterstop wer oanslute kin by de seleksje. By Cambuur binne Matthew Steenvoorden en Robin Maulun fanwege blessueres ek net ynsetber.

Cambuur rûn ferline wike tsjin it earste ferlies yn de kompetysje op. Freed spylje de Ljouwerters út tsjin FC Dordrecht. Dy ploech skeakele Cambuur foarich seizoen op sensasjonele wize út yn de play offs. Neffens trainer René Hake falt der lykwols neat rjocht te setten. "Iets recht zetten? Nee, dit is een heel andere groep. Die wedstrijd van vorig seizoen is niet meer van belang. Ik leef niet in net verleden. Het gaat om het nu".

Cambuur hat de wedstriid tsjin Roda JC wol yntinsyf evaulearre, seit Hake. "We moeten veel dingen beter uitvoeren dan vorige week. Het was het eerste verlies, maar je kunt ook zeggen dat we daarvoor twee maanden niet hebben verloren. Maar de manier waarop we verloren, was in alle facetten onvoldoende. Dat moet tegen Dordrecht beter". FC Dordrecht stiet ûnderoan yn de kompetysje, mei mar ien punt út sân wedstriden.

Opstelling Cambuur: Mous; Sambissa, Schilder, Mbende, Van Wermeskerken; Schils, Ciganiks, Van Kippersluis, Mathieu; Conraad, Robertha.

(advertinsje)
(advertinsje)