Eigeners fan hûs op 'e Gordyk bot skrokken fan ynbrekkers

04 okt 2018 - 14:59

De bewenners fan it hûs op 'e Gordyk, dêr't in meiwurker fan in parkearbedriuw by Skiphol en syn freondinne sûnder tastimming yn lutsen wiene, binne yntusken werom yn Fryslân en se hawwe oanjefte dien by de plysje. Se binne earder weromkaam fan fakânsje.

Schiphol - Foto: Shutterstock.com

It pear wol fierder anonym bliuwe, mar jout wol oan dat it bot skrokken en oerdondere is troch it nijs. Se binne hiel bliid dat harren buorman sa goed derom tocht hat en dat dy earst harren en letter de plysje warskôge hat. Der is neffens de bewenners neat fernield. De plysje hat it stel, dat sûnder tastimming yn it hûs lutsen wie, moandeitejûn oanhâlden. Harren auto is yn beslach naam.

De man wurke noch mar trije wiken by it parkearbedriuw. It pear hie de kaaien fan de auto en it hûs ôfjûn oan it parkearbedriuw. Om't sy ek harren adresgegevens ôfjûn hiene, koe de meiwurker sa it hûs yn komme. De buorman seach moandeitejûn it ljocht brânen en fertroude it net.

Doe't de buorman oanbelle, sei de man dat er tastimming hie om tydlik yn it hûs te wenjen. De buorman socht dêrnei op WhatsApp kontakt mei de bewenners. Dêr die út bliken dat der gjin tastimming wie. De buorman hat dêrnei de plysje derby helle. Dy fûn ek drugs yn it hûs dy't troch de tydlike bewenners meinaam wie. It guod is yn beslach naam.

Trefwurden: 
De Gordyk Skiphol
(advertinsje)