Ellen de Bruin wint Anton Wachterpriis foar roman Onder het ijs

04 okt 2018 - 13:13

De Anton Wachterpriis giet dit jier nei Ellen de Bruin. De priis wurdt ien kear yn 'e twa jier útrikt foar it bêste literêre proazadebút. De skriuwster krijt de priis foar har roman Onder het ijs. De sjuery neamt har boek in ambisjeuze, ûndersykjende en waarmbloedige roman oer de minsklike driuwfearren en dwaalwegen.

De Anton Wachterpriis - Foto: Centraal Comité 1945

Ellen de Bruin is wittenskipsredakteur fan NRC Handelsblad. Se is de tweintichste winner fan de Anton Wachterpriis. De Bruin krijt 2.000 euro en in byldsje. Op 10 novimber sil de priis útrikt wurde yn de Grutte Tsjerke yn Harns.

Anton Wachter is de haadpersoan fan in romanrige fan skriuwer Simon Vestdijk fan Harns.

(advertinsje)