Regina Bijlsma folget it lêste paad fan har ferûngelokke soan

Op 17 oktober is it fiif jier lyn dat de 19-jierrige Jim Sluiter yn Barcelona omkaam is by in ûngelok. Syn mem, Regina Bijlsma, sil fan freed ôf it paad fan de lêste reis fan har soan folgje. Foar har is dizze reis in ôfsluting fan in drege perioade en it begjin fan in nij libben.
Regina Bijlsma (rjochts) mei har auto © Regina Bijlsma
Buro de Vries Just Jim
"Myn âldste soan Jim, dy't singer-songwriter wie, gong foar de twadde kear nei Barcelona, liftsjend mei de gitaar op 'e rêch. It wie in hiel moaie reis, dy't er ek oer vlogde op YouTube, mar op 17 oktober wie it stil nei in pear prachtige bydragen. Doe is er ferûngelokke yn Barcelona, doe't er fan in muorke op de sneldyk foel."
Wêrom wolsto no dizze reis meitsje?
"Ik folgje syn paad en ik haw in boadskip meikrigen fan de spegel dy't er my foarhâlden hat mei syn reis. En dat boadskip is 'Mem, wês dysels. Ik bin oeral en meitsje asjebleaft no einliks ris in kear dyn passy en ambysjes wier'.
Dizze reis is bedoeld ek om in stik fertriet ôf te sluten. It is fansels nea hielendal fuort, mar it is wol it doel om der noch better mei om te gean en om myn paad wer te finen yn it libben en fierder te gean."
Silsto krekt lykas Jim liftsjend nei Barcelona?
"Nee, ik gean mei myn eigen Peugeot 205. Yn 2013 haw ik myn rydbewiis helle, dus it rydbewiis haw ik noch net sa lang. Dizze auto haw ik krigen fan myn doetiidske leafde, dy't yn 2016 ek stoarn is. Dy auto hat in soad emosjonele wearde en hy bringt my al fiif jier oeral hinne.
Mei keunstner Rienk van Houten binne wy no dwaande om de auto te pimpen yn de styl fan De Stijl. Ik kom út Drachten en dêr hawwe wy yn it ôfrûne jier in protte omtinken foar hân fanwege '100 jier De Stijl'. Dus dêrom 'De Stijl', mar it wurdt wol ús eigen styl. It is in mingeling fan syn ideeën kwa keunst en dy fan ús."
De auto wêrmei Regina reizgje sil © Rienk van Houten
Hast ek selskip op dyn reis?
"Ja, Sarah Sötemann giet mei. Dat is in jonge frou, dy't ik troffen haw by Noardewyn doe't ik dêr vlogje moast. Ik seach en hearde har spyljen en it klikte tusken ús. Wy hawwe fuortendaliks gegevens útwiksele. Ik tink dat ik in wike letter by har op de bank siet.
Doe't ik har trof, hie se har opjûn foar de Fryske singer-songwriter-wedstriid en dat hat se úteinlik wûn. Gelokkich giet se noch wol mei op dizze reis, want se hat in protte oanfragen foar optredens krige. We stean beiden op itselde punt yn it libben: wy wolle graach it teäter yn en de wei dêrnei ta is in boarterstún.
Dat is ek in ûnderdiel fan ús reis, dat wy der foar ússels achter komme wolle hoe't we dat it bêste delsette kinne yn 'e takomst. Sadat we der ek in stikje bôle mei fertsjinje kinne."
Sarah Sötemann (l) en Regina Bijlsma (r) © Regina Bijlsma
Wat stiet der fierders op de reis allegearre op it program?
"Ik sil freed earst nei Noardewyn, nei Willem, want it is oan him te tankjen dat ik dêr no wurkje as backstage-vlogger. Dêrtroch kin ik no ek sels dizze reis vlogje en dêr bin ik him tankber foar. Nei Noardewyn sille we nei de Blokhúspoarte, dêr't wy in streetperformance dwaan sille.
Dat moast besjen as in stikje sjonge en in stikje kabaret. Dêrnei giet de reis fierder nei Utrecht, Amsterdam en Antwerpen. Dêr sille we op ferskate plakken optrede. Ik hoopje dat we dêrby ús auto as dekôr brûke kinne.
Dan gean wy nei Parys en dêr wol ik wol graach trije dagen bliuwe, want dêr wol ik nei it grêf fan Edith Piaf en Jim Morrison. By Jim Morrison syn grêf haw ik, doe't ik sechstjin wie, besletten myn earste soan Jim te neamen."
Hoe giet dyn reis nei Parys fierder?
"Dan gean wy nei Toulouse. Dêr is Sarah hielendal gek fan. Dus Toulouse is spesjaal foar Sarah en fansels sille we dêr ek wer optrede. En dan gean we nei Barcelona. Dêr hoopje ik twa oant trije dagen te wêzen om nei plakken ta te gean dêr't Jim syn lêste dei west hat.
Op 17 oktober, op de jûn fan syn ferstjerren, wol ik dêr op syn stjerplak by stilstean en muzyk meitsje. Symboalysk sil ik dan ek myn rêchsek fan fertriet ôflizze."
Jim vlogde, krekt as Regina no dwaan sil, syn reis nei Barcelona. Hjirboppe stiet de lêste vlog dy't Jim publisearre hat foar syn dea.
En ast wer thús bist, hoe dan fierder?
"Ik bin al in pear jier dwaande mei it skriuwen fan in boek. Dat wol ik graach yn alle rêst ôfmeitsje. Ik tink dat ik dan in moai ferhaal haw, dat hooplik ynspiraasje jaan kin oan âlden dy't itselde belibbe hawwe as ik en foar oare minsken dy't ferlies meimakke hawwe en tinke 'ik kom hjir nea mear út'.
Fierder wol ik ek graach it teäter yn. Dat is myn grutte passy. Hoe't it der úteinlik útsjen sil, dat kin ik dy sa noch net sizze. Mar ik haw foar mysels echt wol in hiel moai byld. Ik bin al jierren ferskes oan it skriuwen, ik haw it laad fol argyf.
Ik kin, tink ik, noch wol in pear jier foarút mei ferskate programma's, mar safier foarút wol ik noch net sjen. As der earst yn alle gefallen mar ien programma komt en dan sjogge we wol fierder."
Kinne minsken dy ek folgjen op dyn reis?
"Ja, ik bin te folgjen mei vlogs en blogs op myn eigen Facebookpagina en by jimme, Omrop Fryslân. Ik meitsje foar de Omrop nammentlik ekstra materiaal."