Twa Friezen yn Top 100 meast duorsume Nederlanners

Enerzjykoördinator Bouwe de Boer fan de gemeente Ljouwert en biolooch Theunis Piersma binne opnaam yn de Duorsume Top 100 fan it deiblêd Trouw. Neist enerzjykoördinator is De Boer ek projektlieder fan de stichting Fossylfrij Fryslân, dy't de provinsje yn 2025 fossylfrij ha wol.
Theunis Piersma © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De Boer wie ek de man achter de twa wiken duorjende Elfwegentocht ôfrûne simmer, ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd. Piersma is bekend fan syn wrâldwide ûndersyk nei de kwetsbere relaasje tusken klimaat, iten, lânskip en fûgels.
Piersma hat al meardere ûnderskiedingen krigen foar syn wurk. Takom wike woansdei wurdt bekend wa't de priis foar meast duorsume Nederlanner krijt.

Top 100

De nûmers 100 oant en mei 76 binne al bekend. De nûmers 75 oant en mei 51 wurde sneon 6 oktober bekend makke.