Stikelbaarch moat bern helpe De Spitkeet te ûntdekken

04 okt 2018 - 11:48

Eddy de Egel moat bern helpe om mear te learen oer hoe't it eartiids wie yn Iepenloftmuseum De Spitkeet. It sabeare stikelbaarchje is fan tongersdei ôf te sjen njonken de kuierpaden yn it park op De Harkema.

It inisjatyf komt fan Pingo & Pet. Dy hawwe Eddy de Egel faker ynsetten, bygelyks yn Earnewâld. Pingo& Pet binne ferantwurdlik foar edukaasje yn natuer en duorsumens. It lesmateriaal liket in sukses te wêzen: foar de moanne oktober binne al tsien groepen oanmeld.

Iepenloftmuseum De Spitkeet - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

By Eddy de Egel sit in grutte ljochtblauwe rêchpûde mei guod om op in boartlike wize te learen oer de skiednis fan de wenten dy't te finen binne op it temapark.

De Spitkeet hie wol edukaasjemateariaal, mar dat wie folle mear rjochte op de krekt wat âldere bern. "Dêrom moasten wy wat betinke foar de bern dy't te jong binne foar ús edukaasje," sa leit Simon Hoeksma fan De Spitkeet út.

De bern fan groep 3/4 fan OBS It Holdersnêst op De Harkema hat de primeur. Sy meie as earste de rûte rinne oan de hân fan Eddy de Egel.

(advertinsje)