Oardel tûzen ikehouten pinnen yn ekspedysjeskip Willem Barentsz slein

04 okt 2018 - 11:33

Op de Barentsz-werf yn Harns is de lêste fan sa'n oardel tûzen ikehouten pinnen yn it ûnderwetterskip fan de Willem Barentsz slein. It histoaryske ekspedysjeskip wurdt op it stuit yn Harns neiboud. It pleatsen fan de pinnen wie neffens boumaster Gerald de Weerdt de ultime útdaging yn it jierrenlange bouproses.

Foto: Stichting Expeditieschip Willem Barentsz

Alle naden tusken de planken wurde de kommende fjouwer wiken wetterticht makke. It ûnderwetterskip kin dan farve wurde. Op 27 oktober is de tewetterlitting, wêrnei it skip fierder ôfboud wurde kin. It giet dan om de mêsten, it túch en de seilen.

Foar it ôfbouwen is noch in jier nedich. Oant no ta ha de frijwilligers sa'n 26.500 oeren oan it skip wurke.

(advertinsje)
(advertinsje)