ROC Friese Poort set mei nij praktoraat yn op persoansfoarming learlingen

04 okt 2018 - 11:13

Mei it úteinsetten fan it praktoraat 'Mbo als werkplaats voor brede vorming' set it ROC Friese Poort yn op de persoansfoarming fan har learlingen. "Want we leiden onze studenten niet alleen op voor een beroep, maar ook voor hun leven", sa seit de skoalle.

ROC Friese Poort - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dosinten kinne net alle studinten yn 'e klasse de oandacht jaan dy't se nedich hawwe. It praktoraat helpt dosinten en studinten om nei te tinken oer hokker momint geskikt is om efkes nei te praten en ynsicht te krijen yn wat der no krekt oan 'e hân is.

"De samenleving vraagt erom dat je doorzet en flexibel bent, maar wij denken dat onderwijs ook bedoeld is, om na te denken over waar je dat voor doet", seit Koen Vos, dy't ynstalleare is as praktor fan de Friese Poort. It nije mbo-praktoraat is it earste yn Fryslân en Flevolân.

Praktor Koen Vos fan ROC Friese Poort

"Het practoraat is ervoor bedoeld om jonge mensen te helpen om te worden wie ze zijn. Alles moet tegenwoordig sneller en efficiënter. Wij willen studenten af een toe een pauzeknop gunnen, waardoor ze het leven beter aankunnen", seit Vos.

(advertinsje)