Kolleksje roomsk-katolyk argyf yn Boalsert groeit mar troch

It Archief Rooms-Katholiek Fryslân yn Boalsert groeit noch altyd. "Wy krije hast alle wiken doazen mei guod binnen", fertelt frijwillich argivaris Piet Postma. "Wijwetterbakjes, krúsbylden, roazekrânsen, tsjerkeboeken. Minsken brûke it hieltyd minder, mar fine it skande om it samar yn de kontener te goaien. Dus dan wurdt it hjir brocht en sette wy it yn de fitrines."
Op de souder fan it argyf steane tsientallen 'hillich hert'-bylden en lizze de roazekrânsen kreas sortearre op grutte yn laadsjes. Yn in hoeke stiet in byld fan Bonifatius, dat earder brûkt waard by in toanielfoarstelling.
Ymposant binne ek de biblioteek mei sa'n 6.000 boeken en it foto-argyf. It roomsk-katolyk argyf is miskien noch it meast bekend om de grutte kolleksje fan mear as 35.000 bidprintsjes, dy't ek noch alle wiken goeit.
© Omrop Fryslân
Frijwillich argivaris Piet Postma
"As katolike âlderen ferstjerre en de bern romje it hûs op, dan bringe se it guod faak hjir", seit Piet Postma. "En dêr sitte faak ek bidprintsjes by yn in skuondoaze of sigarekistke, faak mei in elastykje derom." Hy en de oare frijwillige meiwurkers fan it argyf fine it tige wichtich dat dizze oantinkens oan it rike roomske libben yn Fryslân bewarre bliuwe.
De bidprintsjes en alle oare gegevens fan katolike famyljes en Fryske religieuzen wurde ek hiel geregeld rieplachte troch minsken dy't de eigen famyljeskiednis oan it útplúzjen binne. Dat kin ek online op de webside www.archiefrkfriesland.nl
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Yn de kolleksje fan it argyf sitte ek tsjerklike klean fan pastoars en mistsjinners, kreas útstald yn sa'n fyftjin fitrines. Bysûnder is ek in miny-alter, dat yn it ferline makke is om bern de mooglikheid te jaan om 'pastoarke' te boartsjen. Religieuze skoalplaten en in âlde printinge fan it 'Us Heit' yn it Frysk ûntbrekke net.
Postma wit dat de katolike tsjerke achterútbuorket, mar sjocht ek tekenenen fan mear wurdearring en belangstelling foar de roomske tradysjes. It argyf hâldt dêrom oankommende sneon in iepen dei fan 13.00 oant 16.00 oere.