Provinsje slút mar It Sân by Koudum ôf foar natuerûntwikkeling

It Sân by Koudum wurdt dizze winter foar trije oant fiif jier ôfsletten en it wetterpeil yn de mar wurdt ferlege. Dit wurdt dien, sadat der better reid en mear wetterplanten groeie kin. It giet om in inisjatyf fan de provinsje yn 'e mande mei Staatsbosbeheer en It Fryske Gea.
Provinsje slút mar It Sân by Koudum ôf foar natuerûntwikkeling
De mar oan it begjin fan De Fluezen wurdt by de twa yngongen mei in stielen damwand ôfsletten. Dat is nedich om it wetterpeil mei in heale meter te ferleegjen. Hjirtroch kinne de wurksumheden makliker útfierd wurde, seit distriktshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea. Ek krije reid en wetterplanten sa mear kâns om te groeien, omdat it ljocht by de boaiem komme kin.
De beplanting is no rûch en drûch wurden, mar as it wetterpeil letter wer ferhege wurdt, stiet it nije reid mei de woartels yn it wetter. Dat is goed foar fisken, dy't har der yn ferskûlje kinne, mar ek briedfûgels profitearje dêrfan, sa seit Van der Burg. Nei alle gedachten moat der noch wol wat blei fuortfongen wurde. De fisken wrotte de boaiem om, wêrtroch't it trochsicht fan it wetter beheind wurdt.
It Sân by Koudum. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Troch de ôfsluting kinne wettersporters net mear op It Sân komme, mar by de mar komme kin neffens Van der Burg noch wol. "Oan de râne by de twa ôfslutingen komt in steigerke mei oanlisplakken. Minsken kinne dan oer It Sân hinne sjen. Ek komt der by Koudum by fakânsjepark De Kuilart in útsjochpunt."
Distriktshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea